Top

Hein Jaap Hilarides - De Trekker Fan Troje

Nieuw
  • Hein Jaap Hilarides - De Trekker Fan Troje
FullFullFullFullFull
(4.5 / 2 Reviews)
19,50


Friso en Hero Wassenaar stride foar de autonomy fan Fryslân. Mei in leger fan trekkers besette se Brussel. Dan komt heit ûnder in muorre en ferûngelokket. It docht bliken dat de hiele erfenis nei Hero giet. Boppedat falle de twillingbruorren op deselde frou: Andrea Kalma.

Reviews (2)
FullFullFullFullFull (4.5 / 2 Reviews)

Johannes Rozenga (01-06-2017) FullFullFullFullEmpty De trekker fan Troje giet oer twa bruorren, in twilling. Sa dramatysk as it boek begjint, sa dramatysk einiget it ek, mar in bytsje oars. De swierrichheden fan de bouboeren yn 1990 rinne út op in rebûlje. De boeren hawwe it mar dreech mei de EU. Dat it moat yn Ljouwert en yn Brussel útfochten wurde. Komme se ek by Skiphol om dat dêr stil te lizzen?

It omgean fan Friso mei syn twillingbroer Hero en mei de froulju hat ek syn tûkelteammen. It is de reade tried troch it boek hinne. Wiidweidich wurdt de aksjegroep GRYP beskreaun, dy’t krewearret foar de Fryske taal en de Fryske selsstannigens. It doel fan dy groep is om it brûken fan it Frysk en de eigenheid fan Fryslân te hoedzjen en te noedzjen. Mar slagget dat as der twa kampen lyk foarinoar oer steane?

Spitich dat de skriuwer noch wol wat hollanismen brûkt, bygelyks ‘lol’ yn stee fan ‘wille’. Noch moaier hie it west as de Biltske auteur it yn syn eigen taal skreaun hie. De boere-aksje begûn op it Bilt. It taalgebiet fan it Frysk is grutter fansels en de Biltkers dy’t Biltsk lêze kinne, kinne it Frysk ek lêze.

In aardichheid is it lêzen fan alle ferskaat oan trekkers mei de modelnûmers derby; en dan dy iene trekker: Dé trekker fan Troje.

Daliks nei de earste side kriget it boek de lêzer yn ’e besnijing: fan wat sil der allegearre barre! In boek oan ien tried wei útlêze is it moaiste, benammen dit literêre boek. Mar slagget it mei 296 siden? My net en ik haw dan ek trije dagen mei niget lêzen.

Johannes Rozenga

Publisearre op ensafh.nl en itnijs.frl

Sietse de Vries - Leeuwarder Courant (29-05-2017) FullFullFullFullFull TUSKEN IT NASJONALISME EN IT NEAT

Leeuwarder Courant 26-5-2017

Hy wol witte wat in minske is, krekt dêrom is Hein Jaap Hilarides skriuwer. Syn nijste roman De trekker fan Troje skreau er om sicht te krijen op it plak fan de lytse boarger yn it grutte Europa. It moat in jier as seis lyn wêze dat Hein Jaap Hilarides yn Brussel wie en in pear trekkers op it Schumannplein foar in grut gebou fan de Europese Kommisje stean seach. It wie in protest tsjin it lânboubelied fan de Europeeske Uny. Yn de fantasij fan de skriuwer bleau der ien trekker oer: in krêftich byld fan de ûnmacht fan de lytse boer yn it grutte Europa.

Yn 1990 rûn Hein Jaap Hilarides staazje by de Waddenadviesraad yn Ljouwert. Ien kear kaam er dêr foar de winige doar: dat wie op 'e dei dat boeren de yngong blokkearden. De blokkade wie ûnderdiel fan in lanlike aksje tsjin de ferleging fan de nôtprizen. Ek foar it Provinsjehûs, op de rûnwei fan Ljouwert en op it Binnenhof yn De Haach stie it fol mei trekkers. In oantal boeren ried troch nei Brussel om de boel ek dêr yn 'e bulten te jeien. It waard har net tastien, fierder as de rûnwei fan Brussel binne se net kaam.

De aksjes joegen mei de stjit ta De trekker fan Troje. Mar eins hie de skriuwer al folle langer – tsien jier op syn minst – mei it idee foar it boek omrûn. In famyljeskiednis woe er skriuwe. Buddenbrooks fan Thomas Mann, Het geslacht Wiarda fan Theun de Vries wiene boarnen fan ynspiraasje. En de Anton Wachter-syklus fan Simon Vestdijk net te ferjitten.

Hein Jaap Hilarides is in Bildtker, soan fan in ikkerbouwer. Hy hat in oantal jierren learaar Ingelsk yn Amsterdam west, mar sûnt in pear jier skarrelet er troch de tiid as skriuwer en muzikant. Sjonge docht er meast yn it Bildts, skriuwe yn it Bildts en it Frysk. Besiket mannich Frysk skriuwer mei Nederlânske oersettingen ekstra lêzers te berikken, foar in Bildtske skriuwer is it Frysk de taal nei in grutter publyk. Hilarides skreau ek poëzij en ferhalen, De trekker fan Troje is syn tredde Fryske roman.

Stevich fûnemint

Mei de beide boereaksjes hat er in stevich fûnemint ûnder it ferhaal lein, mar Hilarides is skriuwer genôch om alle feiten, om alles wat wier bard is, safolle mooglik nei syn eigen hân te setten. Hy hat de aksjes in plak jûn yn it ferhaal – mei alle romantyske en tragyske ûntjouwingen – dat hý fertelle wol.

Noch sa'n feit dat er oan de werklikheid ûntliend hat, is de namme Klaas Wassenaar. Hy is de heit fan de twillingbroers Hero en Friso Wassenaar, de haadpersoanen yn De trekker fan Troje. Hein Jaap Hilarides hat dy namme oerskreaun fan de gevelstien yn de pleats by Sint Jabik dêr't er opgroeid is. Klaas Wassenaar hie dy gevelstien lein yn 1852.

De namme kaam him fan pas, om't de Wassenaars, krekt as de Lonts, de Wijngaardens en de Kuikens, ta de earste famyljes hearden dy't har begjin sechstjinde iuw út Hollân wei op de krekt ynpoldere Bildtske grûn festigen. Hilarides: ‘Ik ha my net yn de famylje Wassenaar ferdjippe. Miskien dat ik dat foar in folgjend diel doch.’

Behalven de nammen, gjin oare feiten oer de famylje Wassenaar dus. Yn stee dêrfan hat de skriuwer eleminten út syn eigen famyljeskiednis brûkt. ‘Wêrom? Om't der eleminten wiene dy't my fan pas kamen, mar ek om sicht te krijen op wêr't ik weikom. Dat is ek wêrom't ik skriuw. Ik wol witte wat in minske is, wat syn essinsje is. Ik wol net samar in ferhaaltsje fertelle, ik wol witte wêrom't myn haadpersoanen Friso en Hero dogge wat se dogge. It ferhaal dat ik fertel is yn wêzen neat mear as fehikel om dat te ûntdekken. Troch sokke minsken te beskriuwen hoopje ik mear oer mysels en oer oare minsken te witten te kommen.’

Alde kroniken

In roman lient him neffens Hein Jaap Hilarides better foar sa'n syktocht nei de essinsje fan in minske as in biografysk famyljeportret. Drama en romantyk jouwe in famyljeskiednis kleur. Om dat yn goede banen te lieden, hat er fan te foaren wol nochris ekstra goed sjoen nei hoe't oare skriuwers dat dogge.

‘Ik haw earder wolris tocht dat ik alles sels betinke moast, mar wêrom soe dat moatte? In grut ferhaal, in roman fan krapoan 300 siden, moat in goede struktuer ha. Yn de Anton Wachter-syklus beskriuwt Simon Vestdijk syn haadpersoan as skoaljonge yn Harns, as hbs'er yn Ljouwert en as studint yn Amsterdam. Dy struktuer haw ik min ofte mear oernommen, al binne de plakken by my It Bildt, Ljouwert en Grins, Amsterdam en Brussel.’

It is ek net tafallich dat ien fan de beide haadpersoanen Friso hjit. Dat is yn de âlde kroniken de mytologyske stamheit fan de Friezen. Fierder sitte der eleminten út de Grykske mytology yn. Nei in reis fan tweintich jier komt Friso, krekt as Odysseus, lang om let wer thús en dan hat syn eardere freondin it mei in oar oanlein.

‘It boek giet oer de lânbou yn Europa, oer de Fryske identiteit, mar it is ek in ferhaal oer leafde, haat en wraak. It binne de sintrale tema's fan mannich klassike Grykske trageedzje, se kleurje ek it libben fan Hero en Friso. Dêrom ek de ûndertitel: In Fryske trageedzje.’

De trekker fan Troje fertelt it ferhaal fan de twilling Hero en Friso Wassenaar. De earste nimt it ikkerboubedriuw fan heit oer, de twadde bedarret yn Brussel, dêr't er as lobbyïst foar de belangen fan de boeren opkomt.

Dat lêste is essinsjeel foar it boek. Hilarides: ,,Ik woe in famyljeskiednis skriuwe, mar it moast al wat mear wêze. Der moast in tema by, it leafst in polityk tema. De fraach 'Wat is Europa?' is eins de katalysator fan it boek. Wat is it plak fan dy iene boarger of boer yn dat grutte Europa? Wat kin er? Wat bliuwt der fan him oer?’

Fryske autonomy

De trekker fan Troje giet lykwols net allinne oer it plak fan de boer yn Europa, it giet ek oer de posysje fan it Frysk, oer de identiteit fan alle Europeanen. Hilarides prate foarige wike yn it Dútske Flensburg mei in Ingelsman. It koe hast net oars of de Brexit kaam te praat.

‘Hy fertelde dat de measte minsken dy't foar de Brexit stimden, dat net dien hiene om't it lân dêr better fan wurdt, mar út eangst foar it ferlies fan har identiteit. Se waarden – mar dat is wol faker sein – folle mear dreaun troch nostalgy as troch ideeën oer de takomst.’

Yn De trekker fan Troje is in rol weilein foar Gryp, in aksjegroep dy't opkomt foar it Frysk. De diskusje rint heech op bytiden, de meast radikale aksjefierders wolle op autonomy foar Fryslân ta, leafst yn 'e mande mei it Dútske East- en Noard-Fryslân. It wurd Frexit falt sels in oantal kearen. Broer Friso giet soks te fier, mar ek hy is bang dat it Fryske eigene gefaar rint yn it grutte Europa.

Hilarides: ‘Dat is ek in reëel gefaar. Yn it Dútske East- en Noard-Fryslân is it Frysk hast ferdwûn, dêr is dy Fryske identiteit folklore wurden. Op 'e hinnereis nei Flensburg foarige wike ha wy in ree oanriden, doe moasten wy in nacht yn in hotel yn Leer trochbringe. Wy koene kieze tusken Hotel Ost Friesland en Hotel Frisia. Dat kin hjir ek barre: dat allinne de nammen noch oan de taal herinnerje.

De fraach is oft dat slim is. Hoe't men dêr ek oer tinkt, ekonomysk hat it neidielen, dat is wol dúdlik. Toeristen komme graach op in plak dêr't it oars is as thús. Twatalige plaknammen, in bakkerswinkel dêr't se in oare taal prate, dat fine minsken ynteressant. As it yn Fryslân krekt itselde is as yn Grinslân, Drinte en Noard-Hollân ha de minsken dêrwei folle minder reden om hjirhinne.’

Blyn nasjonalisme

It opkommen foar de eigen taal en identiteit kin yn it uterste gefal ek ûntaardzje yn blyn, gewelddiedich nasjonalisme. Yn De trekker fan Troje wurde de gefolgen dêrfan personifisearre troch de út Joegoslavië ôfkomstige Biba. Hilarides woe ek dy kant fan it Europeeske ferhaal in plak yn it boek jaan. Dat waard him mei ynjûn troch syn persoanlike bân mei wat dêr om 1990 hinne bard is.

‘Yn 1988 rûn ik staazje yn it Joegoslavyske Osijek, in stedsje oan 'e Donau, op de grins fan Kroatië en Servië. It besjitten fan Osijek troch de Serven wie de earste oarlochshanneling yn it konflikt. Ik wie dêr krekt wer wei doe't dat barde. Ik haw, doe't ik dêr staazje rûn, twa kear yn Sarajevo west. In prachtige stêd, dêr't alles – hiel multikultureel – troch elkoar libbe. Koartlyn haw ik dêr foar in tredde kear west. De spoaren fan de belegering, dy't trije en in heal jier duorre hat, binne dêr noch altyd te sjen.’

Dat is oare kant fan in folk dat opkomt foar syn identiteit. It is ek de fraach dêr't Friso Wassenaar mei wrakselet: sjit ik troch mei myn nasjonalisme of hobbelje ik fierder nei it neat?

SIETSE DE VRIES

Stuur naar een vriend
@
@